Drachtster Boys ferlieze fan Urk

© Omrop Fryslân
Drachtster Boys hat yn in krusiaal duel yn de haadklasse C ferlern fan direkte konkurrint Urk. Troch it ferlies sakje de Boys noch fierder yn degradaasjesoargen. Go Ahead Kampen stiet no ien-nei-lêste mei fjouwer punten mear as de Drachtster Boys.
Yn Urk hiene de Drachtsters net folle yn te bringen. Pas fiif minuten foar tiid krigen de Boys noch hoop troch de oanslutende 2-1 fan Sander Hartman. Trije minuten letter waard it 3-1.