Hynstesirkus Levade yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Hynstesirkus Levade is yn it ramt fan in Europeeske toer op it stuit yn Ljouwert. Op it terrein achter it FEC ha se har tinten opboud. Hast alle foarstellings binne al útferkocht.
Levade is in kombinaasje fan muzyk, akrobatyk, toaniel en dressuer. Goed 1500 hynsteleafhawwers, foaral froulju, kamen nei de premjêre yn Ljouwert ta. De ferrjochtings fan de hynders binne noch oant en mei it Peaskewykein te sjen yn Ljouwert.