Goud en wrâldrekord foar Dekker

09 apr 2006 - 11:56

Inge Dekker fan It Hearrenfean hat goud helle mei de Nederlânske estafetteploech op de Wrâldkampioenskippen koartebaan yn it Sineeske Shanghai. Tegearre mei Hinkelien Schreuder, Chantal Groot en Marleen Veldhuis swom se in nij wrâldrekord yn in tiid fan 3.33,32.

It nije wrâldrekord is in goede sekonde ûnder it âlde wrâldrekord, dat al sûnt 1997 yn hânnen wie fan Sina.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)