Cambuur wint lêste wedstryd

09 apr 2006 - 11:55

Cambuur hat de lêste wedstryd fan it seizoen wûn. Yn it eigen stadion waard FC Den Bosch mei 1-0 ferslein. Raymond Bronkhorst makke yn de twadde helte it iennige doelpunt fan de wedstryd.

Den Bosch spile fan ôf de 26e minút mei in man minder. Ferdigener Jordens Peters krige in reade kaart neidat hy John Stegeman ûnder út helle. Cambuur slút it seizoen ôf op it 15e plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)