Ynwenners bliid mei oanhâldings

© Omrop Fryslân
De ynwenners fan De Pein binne bliid mei de hurde oanpak troch de plysje fan de jongeren dy't de ôfrûne jierwiksel in soad fernield ha yn it doarp. De plysje makke freed bekend dat der 28 minsken oanhâlden binne út De Pein en Nyegea foar it yn de brân stekken fan in skaftkeet op in brêge. Dy rûn dêrtroch in soad skea op.
Neffens doarpsbelang hat it doarp in minne namme as it giet om fernielings troch de jongerein.