Opfolger foar foarsitter Atsma

© Omrop Fryslân
Joop Atsma fan Surhústerfean wurdt as foarsitter fan de hurdfytsuny (KNWU) opfolge troch Marcel Wintels. Earder al hie de CDA-politikus oanjûn nei tolve jier op te hâlden as foarsitter. Op 29 maaie sil Wintels de funksje fan Atsma oernimme as it kongres dêrmei akkoart giet.
De Surhústerfeanster is sûnt septimber ek aktyf by de wrâld-hurdfytsuny, de UCI. Hy is dêr foarsitter fan de dykkommisje.