Kommisje jout tefolle jild út

08 apr 2006 - 23:54

De kulturele kommisje Dongeradiel jout tefolle jild út. De kommisje hat in jierbudzjet fan 40.000 euro. De ôfrûne trije jier is jierliks 15.000 euro mear útjûn. De gemeente jout jierliks jild foar de organisaasje fan 22 toanielfoarstellings.

De kommisje hat der lykwols mear organisearre. Wethâlder Ate Oosterhof wol in part fan it bestjoer ferfange. Hy is wol te sprekken oer it kulturele programma, mar net oer de sinteraasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)