Nije direkteur Fryske Akademy

© Omrop Fryslân
Professor Reinier Salverda fan Londen is mei yngong fan 1 juny beneamd as de nije direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy. Salverda is op it stuit sûnt 1989 wurksum as professor yn de Nederlânske taal en letterkunde oan it University College yn Londen.
Earder wurke er acht jier oan de universiteit fan Jakarta. Hy hat benammen publisearre oer Nederlânske taalkunde, mar ek oer letterkundige ûnderwerpen en oer de Fryske taal.