LAN-party yn Thialf

© Omrop Fryslân
De iishockeyhal fan Thialf op It Hearrenfean is dit wykein it dekor fan de grutste LAN-party fan Noard-Nederlân. LAN stiet foar Local Area Network, in lokaal netwurk fan kompjûters.
Spultsjes dwaan fia dit supersnelle netwurk is noch leuker as game fia ynternet. Der binne ek in soad wedstriden útskreaun. Mar noch mear draait alles om gesellichheid.