Wer sykaksje fermiste Lemster

© Omrop Fryslân
By kamping Skarsterrien yn Boarnsweach wurdt op it stuit wer socht nei de fermiste Lemster Remco Wouda. In sydtakke fan de Skarsterrien wurdt leechpompt.
Dat gebeurt omdat de fermiste man mooglik yn it slyk leit. Oare sykaksjes yn it wetter ha neat opsmiten. Remco Wouda ferdwûn op 10 jannewaris, doe't er mei in maat oan it wurk wie by de kamping. Sûnt dy tiid is neat mear fan him heard.