GBL-wethâlder stapt oer nei FNP

08 apr 2006 - 15:51

De party gemeentebelangen (GBL) yn Ljouwerteradiel makket definityf gjin diel út fan it nije kolleezje. De ôfrûne twa jier siet dy party der wol yn. De PvdA, it CDA en de FNP sille no it nije gemeentebestjoer foarmje.

Opfallend is de wethâlderskandidaat fan de FNP. Dat is Jaap Keizer; dy wie earder 6 jier wethâlder foar GBL. De oare wethâlderskandidaten binne Froukje Haitsma fan it CDA en Gelly Visser foar de PvdA.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)