Nij mobyl jeugdhonk Frjentsjer

08 apr 2006 - 15:50

It mobile jeugdhonk fan de gemeente Frjentsjerteradiel is freedtemiddei yn gebrûk naam yn Frjentsjer. It ridende jeugdhonk is in omboude SRV-wein. Streeksintrum De Skûle hat it inisjatyf naam foar it jeugdhonk.

Bedoeling is dat jongeren út sawol de stêd as de doarpen sa in plakje krije om te praten. De bus komt allinnich as de jongeren sels oanjouwe ferlet te hawwen oan in hingplak. It projekt hat goed 16.000 euro koste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)