Ljouwerters betrape by ynbraak

© Omrop Fryslân
Twa Ljouwerters fan 26 en 31 jier binne yn de nacht nei sneon op 'e die betrape by in ynbraak. De twa manlju hiene ynbrutsen yn in gebou oan de Hoekstersingel yn har wenplak. Dêrby hiene se in pear ruten fernield.
Se hiene al twa kompjûters klearset om mei te nimmen. De plysje wie lykwols tipt en koe de Ljouwerters fuortdaliks oanhâlde. Se binne oerbrocht nei it plysjeburo.