Nij bedriuweterrein yn Wâldsein

08 apr 2006 - 15:50

Der komt in nij bedriuweterrein foar wettersportbedriuwen yn Wâldsein. Dat hat boargemaster Reitsma bekend makke by de iepening fan it nije bedriuweterrein De Skou yn Heech. It nije terrein yn Wâldsein soe komme by it nije akwadukt dat op it stuit boud wurdt by it doarp.

It nije terrein soe 100 arbeidsplakken opsmite moatte. De gemeente hat de grûn yntusken yn hannen en wol meikoarten út ein sette mei de oanlis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)