Wer prate oer kolleezje D'madiel

08 apr 2006 - 15:50
Foto: Omrop Fryslân

De fraksjes fan Dantumadiel '82 en de ChristenUnie binne it net iens mei de útkomst fan de kolleezje- ûnderhannelings yn Dantumadiel. De partijen wolle dêr kommende tiisdei yn de ried oer prate, as ek de nije wethâlder ynstallearre wurdt.

De gemeente hat in minderheidskolleezje krigen fan CDA en PvdA, mei stipe fan FNP en SGP. Dantumadiel '82 en ChristenUnie fine dat in ûnbegryplike kar.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)