Andriesen keazen ta listlûker

08 apr 2006 - 15:08

Anita Andriesen is sneontemoarn op It Hearrenfean unanym keazen ta listlûker fan de PvdA foar de steateferkiezings fan takom jier. It is de twadde kear dat de deputearre de karre lûkt by de ferkiezings.

Andriesen hat noch twifele oer it listlûkersskip. Fan 'e wike krige se te hearren dat der by har op 'e nij kanker fûn is. Dochs is se striidber. Benammen nei de grutte winst by de gemeenteriedsferkiezings fan maart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)