Bedriuwen: meibetelje oan spoar

© Omrop Fryslân
Bedriuwen dy't belutsen binne by de ûntwikkeling fan it Suderseespoar, ha grutte krityk op it kabinet. De oanlis fan in snelle ferbining tusken it Noarden en de Rânestêd is fan de baan. It kabinet fynt dat de ferbining te folle jild kostet.
Mar it Consortium Zuiderzeelijn Nederland seit dat dat net wier is. It bedriuwslibben is nammentlik ree om mei te beteljen oan de oanlis dy't 2,7 miljard euro kostet.