Deputearre Baas hâldt hope

© Omrop Fryslân
It kabinet sil takom wike tongersdei formeel in beslút nimme oer de komst fan it Suderseespoar. De provinsje is net bliid mei de ôfwizing fan it spoar troch de trije advysrieden.
Dochs bliuwt deputearre Baas hoopjen op in posityf advys. Boargemaster Bert Middel fan de gemeente Smellingerlân hâldt ek fêst oan in spoarferbining foar Drachten. It CDA yn de 2e Keamer bliuwt him ynsetten foar de Sudersee- line. Dat seit wurdfierder Joop Atsma.