Omset Snakeware groeid

© Omrop Fryslân
De omset fan ynternetbedriuw Snakeware út Snits is it earste fearnsjier bot groeid. It bedriuw helle 42 persint mear binnen. De stiging komt foaral trochdat de merk oanlûkt en troch de gearwurking mei oare partijen yn de sektor.
It bedriuw rjochtet him op de ûntwikkeling fan ynternetprojekten. Snakeware hat festigingen yn Snits en Amsterdam.