Pluskrante no op ynternet

07 apr 2006 - 14:51

De Pluskrante yn Smellingerlân bestiet wer. De krante wie altyd in fêst ûnderdiel fan de Drachtster Krante, mar ferdwûn yn febrewaris. De lay-out en it format fan de krante waard doe feroare.

De redaksje fan de krante foar 55-plussers wie dêr net bliid mei en hold dermei op. Mar no is deselde redaksje wer werom en de Pluskrante dus ek. Diskear net op papier, mar op ynternet. Sjoch op www.pluskrant.nl.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)