Nije wethâlder Achtkarspelen

07 apr 2006 - 13:53

Sjon_Stellinga út Surhústerfean wurdt de nije wethâlder foar de PvdA yn Achtkarspelen. Dêrmei is it nije kolleezje fan dy gemeente rûn. De oare wethâlders binne Willem van der Wal foar it CDA en Pieter van der Veen fan de ChristenUnie.

De beide manlju wiene de ôfrûne riedsperioade ek al wethâlder. Stellinga is hielendal nij yn de polityk. Hy stie op it sechde plak fan de PvdA-kandidatelist.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)