Nij kolleezje Frjentsjerteradiel

07 apr 2006 - 13:10

De gemeente Frjentsjerteradiel hat in nij kolleezje. De wethâlders foar de kommende fjouwer jier binne Tiaderik Twerda fan de PvdA, Lieuwe Miedema fan it CDA en Bram Bonnema fan de FNP. Alle trije sille fulltime oan de slach as wethâlder.

De ChristenUnie kaam noch mei de moasje om de wethâlders foar 80% oan te stellen. Dat soe in besparring opleverje fan 42.000 euro. De moasje krige lykwols gjin stipe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)