Privee-detektive oplieding ROC

© Omrop Fryslân
Studenten kin fan takom skoaljier ôf by de Friese Poort in oplieding folgje ta 'particulier digitaal rechercheur'. Dat is in soarte fan privee-detektive dy't him dwaande hâldt mei kompjûters en netwurken.
De oplieding sil op in pear plakken yn Nederlân jûn wurde. Hokker plakken dat krekt binne, is no noch net dúdlik. Dat Ljouwert ien fan dy plakken is, is al wol wis. Ek it bedriuwslibben is belutsen by de oplieding.