Ekstraatsje minima NW-Fryslân

© Omrop Fryslân
Minima yn ferskate gemeenten yn Noardwest-Fryslân krije de kommende twa jier 100 euro kado. It giet om ynwenners fan gemeenten, dy't oansletten binne by de Tsjinst Sosjale Saken en Wurkgelegenheid Noardwest-Fryslân.
Elkenien dy't in ynkommen hat fan maksimaal 115% fan it minimum ynkommen, komt yn oanmerking foar it ekstraatsje. Minima wurde sa yn steat steld mei te dwaan oan aktiviteiten.