Parkeare mei chip yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Yn de gemeente Ljouwert kin no ek mei de chippas by parkearplakken betelle wurde. Oant no ta koe dat inkeld yn de parkeargaraazjes yn de stêd. Op de parkearplakken sels moasten noch gewoan munten yn de automaat.
Dat wurdt no lykwols oars op de Iewâl, de Woartelhaven en op it Gûverneursplein. Betelling mei muntjild bliuwt dêr ek mooglik. Yn oare plakken is betelje mei de chippas op parkearplakken al langer mooglik.