Ljouwerter platebeurs hâldt op

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter platebeurs hâldt nei 22 jier op. Der binne te min standhâlders. De platebeurs waard de lêste jierren twa kear yn't jier organisearre troch in entûsjaste groep leafhawwers. Twadde Peaskedei soe der wer ien wêze, mar dat giet no oer.
De platebeurs hat benammen lest fan de konkurrinsje fan 'e hannel op ynternet. Organisator Peter Sevenster neamt it tige spitich dat de tiid fan de platebeurs oer is.