Winst foar Keninklike Tichelaar

07 apr 2006 - 07:57

Ierdewurkfabrikant Keninklike Tichelaar yn Makkum hat ferline jier in winst helle fan 150.000 euro op in omset fan 4,2 miljoen euro. It giet Tichelaar foar de wyn.

Direkteur Jan Tichelaar is optimistysk oer de takomst. It bedriuw makket net allinnich klassyk ierdewurk, mar ek keramyske tegels foar gebouwen. Dêr is hieltyd mear fraach nei. Tichelaar is ûnder mear belutsen by de bou fan in nij museum yn Central Park yn New York.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)