Masteroplieding NHL yn Swol

© Omrop Fryslân
De Noardlike Hegeskoalle Ljouwert start yn Swol mei in earste bekostige masteroplieding foar de Hegere Kaderoplieding Pedagogyk. De skoalle hat hjir foar in wetlike akkreditaasje krigen. Dy is nedich foar de bekostiging fan de oplieding en om in erkend diploma te heljen.
Bestjoersfoarsitter Kuipers fan de NHL sjocht de erkenning fan de masteroplieding as in wichtige stap yn de groei fan de NHL.