Beam Princessehof wurdt kapt

06 apr 2006 - 19:22

De grutte byldbepalende kastanjebeam yn de tún fan museum it Princesshof yn Ljouwert moat kapt wurde. Dat docht bliken út ûndersyk fan in beamtechnysk advysburo.

Troch de hurde wyn fan foarich wykein binne twa grutte takken ôfbrutsen. De skea is sa grut dat der mear takken ôfbrekke kinne en dat is ûnfeilich foar de omjouwing. De gemeente Ljouwert sjocht gjin oplossing om de beam te behâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)