Heger berop tsjin frou Kingma

© Omrop Fryslân
It Iepenbier Ministearje giet yn heger berop tsjin boerinne Anna Kingma. De rjochter ferklearre de saak earder net ûntfanklik om't it Iepenbier Ministearje in flater makke hie.
It IM hie de boerinne út Jorwert tasein net mear as de helte fan har fertutearze fee fuort te heljen. Mar alle 151 stiks fee waarden dochs ôffierd. It IM hat de flater tajûn, mar fynt dat it te fier giet dat de frou hielendal gjin straf krijt.