Plan Lits-Lauwersmarrûte

06 apr 2006 - 15:03

Mei help fan ûndernimmers wol Friesland Marketing besykje hûnderten toeristen te krijen nei de nije Lits-Lauwersmarrûte. Op 15 juny giet de nije rûte iepen en dan moat der foar de toeristen genôch te dwaan wêze.

De ûndernimmers moatte gearwurkje en spesjale arranzjeminten opsette. Woansdei waard in plan presintearre oan de ûndernimmers. As it slagget om ekstra toeristen te lûken, soe dat ekstra banen opsmite kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)