Agrarysk natuerbehear giet goed

© Omrop Fryslân
It tal greidfûgels op lân dêr't agrarysk natuerbehear plakfynt, ferskilt net in soad mei normaal beheard boerelân yn Gaasterlân. Dat docht bliken út in ûndersyk fan ûndersyksynstitút Alterra.
By de ynfiering fan de saneamde ekologyske haadstruktuer, EHS, die bliken dat boeren yn Gaasterlân gjin lân opjaan woene foar in ekologyske ferbiningssône. Se wolle wol natuerdoelen realisearje op eigen lân.