Website foar fuotballers

06 apr 2006 - 14:33

Fuotballers kinne fan nije wike ôf fia ynternet mei inoar yn kontakt komme. Twa Friezen ha in website makke dy't dat mooglik makket. De site is bedoeld foar alle aktive en net mear aktive Nederlânske fuotballers (1,7 miljoen).

Spilers kinne har eigen sportive karriêre op ynternet sette. Se kinne ek kontakt sykje mei inoar. De site is unyk, neffens de makkers. Nije wike wurdt de site offisjeel lansearre yn it A. Lenstrastadion op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)