Dieverij by autobedriuw Boalsert

06 apr 2006 - 10:54

By in autobedriuw oan de Harnzerstrjitte yn Boalsert binne yn de nacht fan tiisdei op woansdei in grut tal kentekenbewizen en autosleuteltsjes stellen. De sleutels en byhearrende papieren sieten yn in klús yn in kantoar fan it bedriuw.

De dieven ha de klús mei geweld fan de muorre helle en binne dêrmei útnaaid. Nei alle gedachten tochten se dat der jild yn de klús sitte soe. It bedriuw hat grutte skea troch de dieverij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)