Moeliker definityf nei GA Eagles

06 apr 2006 - 10:29
Foto: Omrop Fryslân

Hearrenfean-keeper Kevin Moeliker giet nei earste divyzjeclub Go Ahead Eagles. De 25-jierrige doelman kaam healwei dit seizoen oer fan Stormvogels/Telstar, omdat Boy Waterman swier blesseard rekke. Moeliker krijt lykwols achter earste keeper Brian Vandenbussche gjin kâns om te spyljen.

Moeliker spile earder foar Dordrecht, NEC en Helmond Sport.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)