Telefoansteuring Ljouwerter wyk

© Omrop Fryslân
Bewenners fan de Ljouwerter wyk Camminghabuorrren hawwe woansdeitejûn in skoft net belje kinnen mei de fêste telefoan. De steuring trof 1100 oanslutings.
De problemen ûntstienen doe't oan 'e ein fan de middeis by wurksumheden oan de Egelanierstrjitte en it Kealledykje ferskate kabels stikkenlutsen waarden. De KPN sette meiwurkers yn om de steuring sa gau mooglik te ferhelpen. Dêrby moast in wei iepenbrutsen wurde.