Keunstner lilk op gemeente

06 apr 2006 - 10:12

Keunstner Ton Verhey út Aldeholtpea is lilk op de gemeente Weststellingwerf. Syn tolve skilderijen oer de skiednis fan de gemeente hingje net yn it nije gemeentehûs. Der wie te min romte, sa sei de keunstkommisje. Verhey hat no boppedat heard dat syn doeken te brângefaarlik binne. Mar der hingje ek keunstwurken fan wol en filt, en dy binne ek brângefaarlik. Neffens âld-boargemaster Heite passe de skilderijen der net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)