Opgravings by Kimswert

© Omrop Fryslân
By opgravings by Kimswert, binne foar it earst yn Fryslân bewizen fûn fan flasferwurking. Mei dat flas waard yn 'e Midieuwen in soart linnen-eftige stof makke wat brûkt waard foar it meitsjen fan klearn.
Argeologen binne der oan it wurk om't de dyk tusken Harns en Surch ferdûbele wurde sil. De oanwizings foar flasferwurking binne fûn by in delsetting en in pleats út 'e 13e ieu.