Oerlibbingskâns Waadgebiet

© Omrop Fryslân
De oerlibbingskânsen fan it Waadgebiet by klimaatferoarings is it ûnderwerp fan it jubileumkongres fan de Waadferiening, freed yn Ljouwert. Fjouwer wittenskippers litte harren ljocht skine oer de ûntwikkelings fan de kommende fjirtich jier.
It giet min mei it Waadgebiet, sa fynt de Waadferiening. Der moat ynvestearre wurde yn de natuer. Dêrfoar is it Waadfûns yn it libben roppen, as kompensaasje foar de gasboarrings.