Koalsiedoalje út 'e Oekraïne?

06 apr 2006 - 09:05

Oaljehannel Postma út Tytsjerk hat plannen om yn 'e Oekraïne koalsied ferbouwe te litten. De oalje dy't dêrút komt, moat ferkocht wurde oan grutte maatschappijen.

Takom simmer sil eigner Tjalling Postma mei saakkundigen mei boeren yn de Oekraïne prate. De boeren soene in koorperaasje opsette moatte en sels foar de rispings en produksje soargje. Nei de besite moatte de plannen fierder útwurke wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)