Mosk yn Hall of Fame

© Omrop Fryslân
De Dominomosk fan Ljouwert krijt in plak yn in eigen Hall of Fame yn it Nateurhistorysk Museum fan Rotterdam. Op 14 novimber is it in jier lyn dat de mosk yn it FEC deasketten waard omt er 20 tûzen stientsjes omsmiten hie by Domino Day.
Yn it museum krijt de mosk no selskip fan ûnder oaren de yn Ingelân ferneamde cricketbalmosk dy't yn 1936 by in wedstriid yn Londen út de loft smiten waard.