'Fleanbasis hat gjin gefaar jûn'

© Omrop Fryslân
Personeel en omjouwing fan de fleanbasis hawwe nea yn gefaar west. Dat seit de basiskommandant oer it útlekte Arbo-rapport út desimber 2000. Dêryn stiet dat de wurkdruk fan it loftmachtpersoneel te heech is. Dat soe sels kâns jaan op ûngelokken en gefaar foar de omjouwing opsmite.
Neffens de fleanbasis giet it allinne om de wurkomjouwing. Der soe dus gjin gefaar west hawwe foar de omwenjenden. Yntusken binne der saken ferbettere.