'Rapport Sintrale as iensidich'

05 apr 2006 - 17:01

It rapport fan ûndersyksburo TNO oer de sintrale as is te iensidich en net folslein. Dat fynt deputearre Ton Baas. It rapport fan TNO oer de nije dyk tusken Dokkum en Nyegea is opsteld yn opdracht fan natuerorganisaasjes.

Neffens TNO hoecht der hielendal gjin fjouwerbaansdyk oanlein te wurden. Boppedat sil it autoferkear de kommende jierren kwalik groeie. Mar neffens de provinsje hat TNO âlde sifers brûkt foar it ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)