Met taksy fergees nei supermerk

© Omrop Fryslân
De supermerk Jumbo yn Dokkum komt mei in opmerklike aksje. Ynwenners fan de doarpen om Dokkum hinne, dêr't gjin iepenbier ferfier en gjin supermerk mear is, kinne har ynkoarten mei in taksy ophelje litte. Dy bringt har dan fergees nei de stêd.
Nei in oere boadskipjen wurde de klanten wer troch de Jumbo-taksy werom brocht en foar hús útsetten.