Brân op fiskkotter

© Omrop Fryslân
Rêdingsboat Koning Willem I fan Skiermûntseach kaam tiisdei yn aksje foar in brân op in fiskkotter. It skip farde op de Waadsee en der wie brân útbrutsen yn de masinekeamer. Om't net dúdlik wie oft der ek persoanlike ûngelokken wiene, binne de brânwacht en in arts meigien op de rêdingsboat.
De brân koe gau bestriden wurde mei de nije blusynstallaasje fan de Koning Willem I. Ek wie der gjin gefaar foar de opfarrenden.