Doeksen lûkt koart pleit yn

© Omrop Fryslân
In koart pleit dat tiisdei tsjinje soe tusken de Terschellinger Stoomboot Maatschappij (TSM)en it ministearje fan ferkear en wettersteat is ynlutsen. De TSM is ûnderdiel fan rederij Doeksen en dy woe net dat de kontrakten mei it ministearje iepenbier makke wurde soenen. De Eigen Veerdienst Terschelling BV hie dêr om frege, omdat sy in eigen feartsjinst op it eilân opsette wolle as konkurrint fan Doeksen.