Saailân: JA of NEE

© Omrop Fryslân
De ynwenners fan Ljouwert ha noch mar ien kar oer de werynrjochting fan it Saailân: it wurdt sljochtwei Ja of Nee. De fraach wie earst twaliddich: wol of gjin ferhuzing èn in koarte of lange winkelwand. Probleem is dat de wolstânskommisje Hûs en Hiem yntusken de fariant mei de koarte winkelwand ôfsketten hat. It kolleezje fan Ljouwert is no mei in needoplossing kaam: we helje dy hiele opsje gewoan út it referindum.