Van der Knaap betreurt ynsidint

© Omrop Fryslân
Steatssiktaris Van der Knaap neamt it spitich dat in geheim rapport fan definsje fia muzykprogramma Limewire by in meiwurker fan Omrop Fryslân bedarje koe. Neffens Van der Knaap binne der by definsje strange regels foar it omgean mei fertroulike ynformaasje. Amtners fan it ministearje meie gjin fertroulike ynformaasje bewarje op har privee-kompjoeter. Tagelyk is it ek ferbean om kompjoeters fan it ryk te brûken foar priveesaken.