Coffeeshop Wolvegea ticht

© Omrop Fryslân
De gedoochfergunning fan coffeeshop Dikrayaat yn Wolvegea is foar in perioade fan trije wiken ynlutsen, omdat by in kontrôle bliken die dat de coffeeshop tefolle softdrugs op foarried hie. By de plysjekontrôle waard goed 2900 gram softdrugs en 140 joints fûn, wylst 500 gram tastien is. Dat is fêstlein yn it lokaal softdrugsbelied fan de gemeente. De coffeeshop mei op tongersdei 4 maaie wer iepen.