Miljonêr mei ferkeap piksels?

04 apr 2006 - 18:04
Foto: Omrop Fryslân

Twa ambisjeuze studinten út Wommels wolle in miljoen euro fertsjinje mei de ferkeap fan piksels. Rudy Dykstra en Mark Postma wolle fia www.hertfanfryslan.nl 1 miljoen piksels ferkeapje foar in euro it stik.

Belangstellenden kinne bygelyks in logo op de side sette mei in ferwizing nei harren eigen ynternetside. De studinten ferwachtsje dat www.hertfanfryslan.nl in moetingsplak wurde sil foar konsumint en bedriuwslibben.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)